Keeperstrainer Harmen Kuperus giet oan de slach yn België

28 jun 2017 - 22:20
Keeperstrainer Harmen Kuperus - Foto: awfoto.nl

Harmen Kuperus wurdt keeperstrainer yn België. De âld-keeper en âld-keeperstrainer fan Hearrenfean sil oan de slach by Oud-Heverlee Leuven. Dy ploech komt út yn de Eerste Klasse B, sis mar it twadde nivo yn België. De Nederlanner Dennis van Wijk is dêr no trainer.

Kuperus wie earder njonken keeperstrainer by Hearrenfean ek wurksum by Go Ahead Eagles. Syn kontrakt by Hearrenfean waard ferline jier net ferlinge.

(Advertinsje)
(Advertinsje)