SC Hearrenfean wint earste oefenduel yn Bakhuzen

28 jun 2017 - 22:00
Foto: www.awfoto.nl

Sportklup Hearrenfean hat woansdeitejûn de earste oefenwedstriid fan it nije fuotbalseizoen wûn. Tsjin de Regio Seleksje út Súdwest-Fryslân waard yn Bakhuzen wûn mei 5-0. De doelpunten kamen op namme fan Joost van Aken, Tristan Borges, Jordy Bruijn, Caner Cavlan en Daniel Høegh.

Nije wike tiisdei spylje de Feansters in oefenwedstriid tsjin vv Bûtenpost.

(Advertinsje)
(Advertinsje)