Garânsjefûns foar duorsume inisjativen op it plattelân

De provinsje ropt in garânsjefûns yn it libben, sadat lokale inisjativen op it mêd fan duorsumens trochgean kinne. In moasje fan PvdA, SP, CDA, FNP en D66 krige woansdei yn Provinsjale Steaten in mearderheid. No is it noch faaks sa dat duorsume inisjativen, lykas enerzjykoöperaasjes, yn doarpen op neat útrinne omdat de finansiering by banken mislearret. En as it wol slagget, binne de hege rintelêsten net op te bringen. Dêrom sil de provinsje no mei ûnder mear Doarpswurk ûndersykje hoe't sa'n garânsjefûns derút sjen komme moat.
It garânsjefûns kin mooglik al yn 2018 yn wurking trêde. Provinsjale Steaten hat noch tweintich miljoen euro beskikber foar takom jier. Woansdei praten de Steaten oer wêr't dat jild oan bestege wurde moat.