Kommende jierren gjin ekstra belofteteams yn amateurfuotbal

28 jun 2017 - 21:00

Der komme de kommende twa jier gjin ekstra belofteteams fan betelle fuotbalklups yn it amateurfuotbal. Dat is woansdeitejûn besletten nei oerlis troch it fuotbalbûn KNVB en de fuotbalferienings. Nei petearen tusken de klups die bliken dat der gjin oerienstimming berikt wurde koe.

De amateurklups wienen fel tsjin de komst fan de belofteteams yn it amateurfuotbal. Foarsitter Albertus Boonstra fan Harkemase Boys is wiis mei de útkomst. "Wy ha ús stânpunt dúdlik meitsje kind mei ús allen rjochting de KNVB. Dy hat dat oppakt en sil dermei oan de slach. Dêr binne wy natuerlik hiel kontint mei."

(Advertinsje)
(Advertinsje)