Omrin ynvestearret miljoenen yn nije skiedingsynstallaasje

29 jun 2017 - 06:01

Offalferwurker Omrin ynvestearret goed 23 miljoen euro yn de bou fan in nije ynstallaasje dy't keunststof ferpakkingsmateriaal skiede moat. De nije ynstallaasje smyt 55 FTE oan banen op en komt op Ecopark De Wierde op It Hearrenfean. Petflessen en oar sêft plestik wurde dêr ferwurke ta grûnstoffen dy't úteinlik brûkt wurde foar bygelyks keunststof pallets.

It keunststof materiaal giet op dit stuit noch nei Dútslân om ferwurke te wurden, mar neffens Omrin wurdt dêrmei in soad jild fuortsmiten. De bou fan de ynstallaasje set noch dizze simmer útein en moat yn 2018 klear wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)