Distribúsje FrieslandCampina fan It Hearrenfean nei Meppel

28 jun 2017 - 20:26
It gebou fan FrieslandCampina yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

FrieslandCampina ferhuzet in part fan syn distribúsje fan de produksjelokaasje op It Hearrenfean nei in nije lokaasje yn Meppel. Dêr komt ien grut distribúsjesintrum, dêr't de suvelprodukten opslein en dêrnei wer ferfierd wurde. Dat bart no noch ferspraat oer de fjouwer magazinen yn Noard-Nederlân, dêr't de produkten ek produsearre wurde.

FrieslandCampina hat foar Meppel keazen om't dat plak geunstich leit yn relaasje ta de fjouwer produksjelokaasjes fan it bedriuw. Ek ferwachtet de suvelgigant sa in flinke besparring op it mêd fan de transportkosten te realisearjen.

(advertinsje)
(advertinsje)