Rein op Wimbledon, wedstriid Sander Arends ferpleatst

28 jun 2017 - 18:32

Tennisspiler Sander Arends út Ljouwert komt woansdei net yn aksje op Wimbledon. Fanwege de rein is de wedstriid ferpleatst nei tongersdei. Hy soe woansdei om tolve oere de twadde wedstriid yn it kwalifikaasjetoernoai spylje mei syn dûbelpartner Hsien Yin-Peng út Taiwan. Ofrûne moandei wûnen sy al de earste wedstriid.

Tongersdei spylje se tsjin de Sweedske tennissers Brunstrom en Siljestrom, dy't as achtste pleatst binne foar it kwalifikaasjetoernooi. As se dizze rûnde ek winne, stean se nije wike yn it haadtoernoai fan Wimbledon. It soe dan foar it earst wêze dat in Fries dat hellet.

Arends liket dêr net folle fan ûnder de yndruk en sil de wedstriid benaderje sa as alle oare wedstriden. "Er staat iets meer op het spel, maar dat maakt het alleen maar leuk. Ik heb er heel veel zin in", sa seit er.

(Advertinsje)
(Advertinsje)