Rjochter: oanpak N359 mei gund wurde oan oannimmer

28 jun 2017 - 16:30
As it goed is, is de fernijde dyk yn 2018 klear

De oanpak fan de N359 troch De Lemmer mei gund wurde oan oannimmer Van Gelder. De rjochter hat dat woansdei besletten. Oannimmer BAM spande in koart pleit oan tsjin de gunning. De provinsje hie de ynskriuwing fan BAM ûnjildich ferklearre. De rjochter oardiele woansdei dat dat terjochte wie. De provinsje kin no definityf mei Van Gelder yn see. De wurksumheden sille no nei de simmerfakânsje úteinsette.

Foar in bettere trochstreaming wurdt de dyk pleatslik ferbrede en wurde krúspunten grutter makke. Ek wurde der lûdkearende maatregels naam en fytspaden ferbettere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)