Heit oer Sander Arends op Wimbledon: "Droom die uitkomt"

"Het is een droom die uitkomt," seit Frans Arends. Hy is de heit fan Sander, dy't woansdei op Wimbledon yn it dûbeltoernoai tennisje moat. "Het is het mekka van de tennis."
Selsfertrouwen
Frans is sels net yn London. "Je kunt niet overal bij zijn, maar mocht hij deze wedstrijd winnen, dan reizen we af." De kâns om te winnen is fyftich prosint. "Dat hangt van kleine momenten af, of je kop goed staat, of je lekker in je vel zit, hoe groot jouw zelfvertrouwen is en je moet wat geluk hebben." Sander hat in healjier oan de kant sitten nei in knibbelblessuere, mar by twa toernoaien yn Frankryk helle er twa heale finales. "Op Wimbledon had hij de zwaarste tegenpartij geloot, maar daar wonnen ze van. Dus zelfvertrouwen heeft hij wel." Sander is in topsporter yn ieren en sinen. "Hij is goed bestand tegen zenuwen, hij is in al die jaren als topsporter gevormd." De wedstriid is te folgjen op in webside dy't de skoares byhâldt. "Ik kijk daar niet naar, ik kan er niet tegen. Mijn vrouw kijkt wel."
Bernewein
Sander is suver yn de bernewein al mei tennis yn de kunde kommen. Syn âlden tennisje beide en heit Frans hat in tennisskoalle yn Ljouwert. "Op vierjarige leeftijd had hij zijn eerste racket al in handen. Zijn talent was direct al te zien." Syn âlden ha him net stimulearre yn tennis fierder te gean, "we moesten hem eerder afremmen. Sport staat bij hem op nummer een en op nummerlaatst. Met Sinterklaas wilde hij maar een cadeau, schuimrubberen ballen om mee te voetballen in de kamer."