Ljouwerter frou moat sel yn foar stellerij

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 29-jierrige frou út Ljouwert moat foar stellerij út in winkel fjouwer wiken de sel yn. Se moast woansdei foar de rjochter ferskine. Under de behanneling fan de saak joech de frou har advokaat dien, om't se tocht dat se har sels better ferdigenje koe. Se naam yn febrewaris foar 25 euro oan guod by de Poiesz wei oan de Pieter Sipmawei. Doe't se der op oansprutsen waard, gie se frou folsein troch it lint. Se foel de bedriuwslieder oan. Se moat de man 300 euro betelje. De frou hie earder twa wiken selstraf ûnder betingst oplein krigen en moat dy no ek útsitte, boppe op de fjouwer wiken dy't se no krigen hat.