Fiif útstallingen oer keunst yn iepenbiere romte

Fiif Fryske musea wurkje mei elkoar om de nei-oarlochske bûtenkeunst - in ryk mar bedrige erfgoed - yn de spotlights te setten. Yn de fiif útstallingen sketse sy de ûntjouwing fan Jaap van der Meij, byldzjend keunstner, dy’t nei de oarloch yn opdracht wurk foar ’e iepenbiere romte makke. De útstallingen binne yn Museum Opsterlân op De Gordyk, Museum Sorgdrager op Hollum (It Amelân), Museum Dr8888, Museum Heerenveen en Tresoar yn Ljouwert. Yn Tresoar is op 1 july de offisjele ôftraap fan de útstallingen mei in presintaasje fan it boek en de premjêre fan in film.
Kunst met een Opdracht
De útstallingen binne ûnderdiel fan in grutter projekt: 'Kunst met een Opdracht - kunst en gemeenschap'. Yn de iepenbiere romte yn Nederlân steane in soad nei-oarlochske keunstwurken. It projekt ûndersiket wat dy keunstwurken ús tsjintwurdich noch te sizzen hawwe. De útstallingen binne fan 2 july oant en mei 9 septimber te sjen.
Jaap van der Meij
It oeuvre fan Jaap van der Meij (1923-1999) is it útgongspunt fan it projekt. Hy makke yn de jierren 1960 en 1970 benammen yn Noard-Nederlân monumintale betonnen bylden, neffens in unyk produksjeproses. Hy wurke meastentiids yn opdracht, mar wist dochs in absolút eigen styl fêst te hâlden, mei in Kobra-eftige foarmtaal, oersymboalen en in brute sizzenskrêft. Hy neamde it sels ‘Overlevingskunst’.
Film
De film ‘Overlevingskunst’ beljochtet de omgong mei keunst yn de iepenbiere romte en giet neier yn op de fraach fan wa dy bûtenkeunstkolleksje eins is. De film lit oan de hân fan it wurk fan Jaap van der Meij en oare keunstners sjen hokker dilemma's der binne, ek as it giet om behâld en behear fan dy kolleksje. Yn de film binne bysûndere argyfbylden fan Jaap van der Meij opnommen. De film is by alle útstallings te sjen en wurdt troch Omrop Fryslân en lanlik (FryslânDok) útstjoerd. Wannear is noch net bekend.
Boek
‘Jaap van der Meij, monumentaal kunstenaar uit de Wederopbouw’ is de ûndertitel fan it boek dat ferskynt. By it wurk fan elke monumintale keunstner út de Weropbou komme faak fragen boppe as: Seit dit keunstwurk ús noch wat? Wat wie ea de opdracht, hokker ferhaal woe it fertelle, en slagget dat noch hieltyd? Yn in soad gefallen is it sels de namme fan de keunstner dy’t fergetten rekket. Trije ferdjipjende essays gean yn op de fraach wat dy konkrete foarbylden betsjutte foar it fergrutsjen fan de belutsenens fan it publyk yn it algemien.
App
Mei de toer ‘Kunst met in opdracht’ is it wurk yn de iepenbiere romte fan Van der Meij en fan in soad oare keunstners yn Noard-Nederlân te ûntdekken. De toer is fergees te finen op Izitravel.nl en op de projektside fan Tresoar. De toer omfettet 23 keunstwurken fan Jaap van der Meij mei audiofragminten dêr’t oer it meitsjen fan dat keunstwurk ferteld wurdt.