Probleem fan te folle bus by Garyp noch net oplost

Wolter van der Maten mei syn petysje foar in bettere busferbining © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De problemen mei de te folle bussen by de halte Garyp oan de Wâldwei binne noch net oplost. CDA en PvdA stelden dêr woansdei fragen oer yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten. Yn maart fan dit jier makke Arriva oanpassingen yn de tsjinstregeling, neidat de 17-jierrige gymnasiumlearling Wolter van der Maten út Garyp mei in petysje kommen wie. Mear as 700 minsken stipen syn klacht dat de bussen foaral yn de spitsoeren te fol sitte. Uteinlik sette Arriva om 8.15 oere en om 18.25 oere ekstra 'fersterkingsbussen' yn.
Yn it oerlis fan maart waard sein dat yn juny in evaluaasjegearkomste komme soe, mar dy is noch hieltyd net pland. Deputearre Johannes Kramer sei dat de útnûging foar de evaluaasjegearkomste wol oer de mail ferstjoerd is. It petear tusken alle belutsen partijen sil meikoarten wêze.