Steatssiktaris Dekker praat mei KPN oer Omrop Fryslân

28 jun 2017 - 12:16
Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

Steatssiktaris Sander Dekker fan mediasaken hat meikoarten oerlis mei telekombedriuw KPN oer de lanlike trochjefte fan Omrop Fryslân. Hy wol om tafel mei KPN en alle oare belutsen partijen lykas Omrop Fryslân en de provinsje. Hy antwurdet dat op fragen fan CDA-keamerlid Harry van der Molen. Dy hie de saak oankaarte by de steatssiktaris.

KPN wol it sinjaal fan regionale stjoerders allinnich noch mar trochjaan yn de eigen en de buorprovinsjes. Dat is wetlik sa fêstlein. Van der Molen fynt lykwols dat omt it om it Frysk giet mear ferwachte wurde mei fan in telekombedriuw. Hy wiist op it bestjoersakkoart dat de steatssiktaris sletten hat mei de provinsje oer de posysje fan it Frysk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)