Briedende stirnzen op fûgeleilân Gryn

28 jun 2017 - 12:07

Natuurmonumenten komt mei in unyk 360 graden filmke yn 3D fan briedende stirnzen op fûgeleilân Gryn. It is neffens Natuurmonumenten de earste kear dat der briedende fûgels op dizze wize filme binne.

Minsken kinne mei de smartphone rûn sjen. Wa't in 'virtual reality' bril hat, kin de bylden sels yn 3D besjen. De kamera stie middenyn de koloanje. Gewoanwei, as der ien troch dy koloanje rinne soe om bylden te meitsjen, soe der grutte panyk útbrekke.

Besjoch de briedende stirnzen hjirûnder. 

(advertinsje)