Waadbalkon by Marrum jout útsjoch op bou gemaal

28 jun 2017 - 12:06

By de dyktrochbraak by Marrum komt in tydlik 'Waadbalkon'. Dat plak jout útsjoch op de bou fan it gemaal yn de seedyk en de ûntwikkeling fan de swiet-sâlt oergong yn de grutste kwelder fan Noardwest-Europa. It Waadbalkon wurdt tongersdei iepene.

It wurk makket diel út fan it projekt Fiifhuzen en jout in ympuls oan de wetterfeilichheid, lânbou, fiskmigraasje, natuerûntwikkeling en rekreaasje yn Noard-Fryslân. It wurk moat yn de hjerst fan 2018 dien wêze. Belangstellenden kinne it einresultaat alfêst sjen mei in 'virtual reality tool' op de smartphone en de QR-koade op it ynformaasjeboerd op it balkon of op de webside www.projectvijfhuizen.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)