'Keningin fan it wetter' te sjen yn Skipfeartmuseum yn Snits

Yn it Fries Scheepvaart Museum is in útstallling oer 100 jier Regenboog-klasse te sjen. De Regenboog is de âldste ienheidsklasse fan Nederlân. Faak giet in skip generaasjes lang mei. Op de eksposysje binne modellen, seilprizen en foto’s fan de skiednis fan de skippen, de eigeners en har sportive prestaasjes te sjen. Bysûnder omtinken is der foar de legindaryske striid tusken de teams fan Hollân en Fryslân.
De Regenboog is in djoere boat. Yn 1917, doe't it skip makke waard, wienen hout en doek krap te krijen troch de gefolgen fan de Earste Wrâldoarloch. It bouwen wie ek kostber, want elke spant moast mei de hân bûgd wurde. Yn datselde jier gienen achttjin eksimplaren fan dizze nije klasse te wetter. Ek in iuw letter is de klasse noch aktyf mei in yntinsive kompetysje. It is boppedat al jierren it haadnûmer by de Snitswike.
De útstalling duorret oant en mei 17 septimber.