Provinsje en gemeente wolle sjen nei oar plak feemerk

28 jun 2017 - 11:14
Foto: Omrop Fryslân, Evert van den Berg

De provinsje wol mei de gemeente Ljouwert sjen nei in oar plak foar de feemerk yn Ljouwert. Dat sei deputearre Johannes Kramer woansdeitemoarn yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten.

Yn antwurd op fragen fan de VVD sei Kramer dat de provinsje oan de súdkant fan Ljouwert aardich wat grûn yn besit hat. Wol moat der sjoen wurde oft de feemerk tichtby bygelyks de Dairy Campus past. It ferfier fan fee by sokke bedriuwen del is net altyd sûnder risiko's, aldus Kramer. De feemerk op it hjoeddeiske plak (WTC Expo) stiet ûnder druk troch de mooglike komst fan it nije Cambuurstadion.

Trefwurden: 
feemerk Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)