Maarten de Fockert giet nei Go Ahead Eagles

goalkeeper Maarten de Fockert © awfoto.nl
Doelman Maarten de Fockert fan SC Hearrenfean spilet kommend seizoen by Go Ahead Eagles. De klup út Deventer spilet yn de Jupiler League en hiert de 22-jierrige keeper fan SC Hearrenfean.
De Fockert kaam yn juny 2014 oer fan de jeugdoplieding fan Feyenoord en hat noch in kontrakt oant en mei 2018. De Feanster klup neamt dit de bêste wize foar De Fockert om oan spyljen ta te kommen.
Yn it ôfrûne seizoen spile De Fockert op hierbasis by VVV Venlo.