Bedriuweterrein yn Ie kin útwreide wurde

28 jun 2017 - 11:07

De Ried fan Steat hat woansdei beswieren tsjin de útwreiding fan bedriuweterrein Tibsterwei yn Ie ôfwiisd. Troch de útspraak kinne trije bedriuwen fierder mei harren útwreidingsplannen. It giet om Agro-Hoek, Borger Transport en Mechan Noord.

Lieuwe Jansma fan rekreaasjebuorkerij Klein Humalda, dy't neist it bedriuweterrein stiet, hie beswier tsjin de plannen oantekene om de greide fan hast twa bunder fol te bouwen. Neffens him kinne de bedriuwen better ferhúzje nei in grutter bedriuweterrein. De Ried fan Steat seit dat der just ferlet is fan in lokaal bedriuweterrein. De trije bedriuwen dy't útwreidzje wolle, binne foar in grut part ôfhinklik fan klanten út de regio. It nije bedriuweterein wurdt boppedat goed ynpast yn it lânskip. 

(advertinsje)