SKS skûtsjesilen by Omrop Fryslân en Omroep Max

28 jun 2017 - 10:25

Omrop Fryslân en Omroep Max sille mei-inoar in deistich programma meitsje oer it SKS skûtsjesilen. It sil útstjoerd wurde op de NPO op de lanlike telefyzje. It giet om in gearfetting fan de wedstriid en de sfear der omhinne.

Beide omroppen binne bliid mei de gearwurking. Haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân: "Wy wiene al langer oan it sykjen nei in lanlike partner by it skûtsjesilen en binne bliid dat we dy fûn hawwe yn Omroep Max. Sa kinne wy, wat wy meitsje oan (live) telefyzje mei it skûtsjesilen ek oan in breder, lanlik publyk sjen litte."

Ek direkteur Jan Slagter fan Omroep Max sjocht in protte foardielen yn de gearwurking: "Wij zijn al langer geïnteresseerd in het skûtsjesilen en hebben bijvoorbeeld een documentaire over het skûtsje van Leeuwarden gemaakt. Die zenden we uit op 5 augustus, op de eerste dag van de SKS. Het is fantastisch dat we daarna dagelijks kunnen laten zien wat het skûtsjesilen is en hoe prachtig dat eruit ziet."

De SKS sjocht yn de gearwurking in goede mooglikheid om mei it skûtsjesilen in grutter publyk te berikken. "We binne mei Omrop Fryslân en Omroep Max yn oerlis oer de útfiering fan dit plan", seit SKS-bestjoerslid Hilda Boesjes-Beljon.

Oer de útstjoertiden fan de programma's oer it skûtsjesilen op de NPO wurdt noch oerlein tusken Omrop Fryslân en Omroep Max.

(Advertinsje)
(Advertinsje)