Fryslân hat relatyf heech tal selsdeadingen

Fryslân telt relatyf hege selsdeadingssifers. Sa'n 14 op de 100.000 ynwenners docht himsels tekoart. Allinnich Grinslân telt mei 14,7 op de 100.000 ynwenners in heger gemiddelde. In lanlike gemiddelde is 11 op de 100.000 minsken.
Yn 2016 diene hast 1900 minsken harren sels tekoart. It tal selsdeadingen nimt de lêste jierren ta, mar sjoen nei de groei fan it tal ynwenners is it persintaazje sûnt 2013 itselde. De measte selsdeadings binne by minsken op middelbere leeftiid, mar benammen ûnder 60-plussers nimt it oantal de lêste jierren ta.