Iepen Frysk kampioenskip Jeu de Pelote

28 jun 2017 - 06:45

Op it iepen Frysk kampioenskip Jeu de Pelote op It Plein fan Easterlittens binne tiisdeitejûn wer trije partijen ferkeatst. Easterlittens wûn mei 8-1 fan Wiuwert/Britswert. Frjentsjer koe it net winne fan Wommels. It waard 8-5 foar de Wommelsers. Ljouwert wie mei 8-5 te sterk foar Grou.

Op woansdei 28 juny wurdt der wer keatst. Om 18.30 oere Makkum-Easterein, om 19.30 oere Winsum-Bitgum en om 20.30 oere Easterlittens-Wommels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)