"Skoallen noch fier fan smookfrij"

It smookfrij meitsjen fan middelbere skoallen yn Fryslân rint dreech. Oer twa jier moatte de skoallen fan de wet folslein smookfrij wêze, mar de Fryske skoallen binne safier noch lang net. Guon skoallen oerwaagje sels om wer smookromten yn te rjochtsjen. Dat docht bliken út in ynventarisaasje fan Karin de Mik yn opdracht fan ûndersyksredaksje Tabak.
Benammen by de ROC's is it in grut probleem. Der is in soad benaudens by de skoallen dat de bern de wyk ynrinne om dêr te smoken as it net mear mei op de skoalpleinen. Ek binne der dilemma's as der wurklju lykas skilders delkomme dy't yn harren skoft gewoan smoke.
"Iedereen is ervan overtuigd dat roken slecht is voor de gezondheid. De helft van de rokers begint op school, dus is het belangrijk om het juist daar te verbieden. Zo'n verbod werkt ontmoedigend," seit Karin de Mik. De GGD kin stipe jaan oan skoallen, mar fan dat oanbod ha mar twa skoallen gebrûk makke.