"Nij ûndersyk nei giftige stoffen yn Harns nedich"

27 jun 2017 - 22:16

Rûnom yn Harns binne swier giftige stoffen oantroffen op ûnder oare auto's, ruten, fentilatoaren, dakken en yn daksgoatten. Neffens in ûndersyk fan de stichting Toxicowatch giet it om stoffen dy't yn guon gefallen kankerferwekkend binne. It ûndersyk is dien op ferskate plakken yn Harns en omkriten.

Neffens de ûndersikers binne de resultaten ferûntrêstend. Fanwege de hege konsintraasje dy't fûn binne, fynt Toxicowatch dat der ûndersyk dien wurde moat nei wêr't de stoffen weikomme. Dat advys wurdt oernommen troch de begeliedingsgroep fan de REC. Dêr sitte in ferskaat fan ynstânsjes yn dy't te krijen hawwe mei Harns en omkriten.

Hans Gillissen fan de stichting AfvalovenNee is net wiis mei de nijste stân fan saken: "Eerst dioxine en nu weer een andere giftige stof. Natuurlijk moet dit verder onderzocht worden om zekerheid te krijgen of de afvaloven de boosdoener is."

(Advertinsje)
(Advertinsje)