Finansiering fiskmigraasjerivier hast rûn

27 jun 2017 - 21:55

De oanlis fan in fiskmigraasjerivier yn de Ofslútdyk komt hieltyd tichterby. De Europeeske Uny draacht mei in LIFE-subsydzje 3,5 miljoen euro by. Dêrmei lit de EU sjen dat se de fiskmigraasjerivier belangryk fine. Mei it subsydzjeprogramma LIFE wurde projekten finansierd op it mêd fan natuer en miljeu.

It projekt fiskmigraasjerivier leit mei dizze bydrage finansjeel op koers, sa't dat hjit. Der wie mear subsydzje oanfrege, mar neffens deputearre Johannes Kramer is it gat dat der noch is yn de begrutting goed op te foljen. De rivier kin neffens de plannen oanlein wurde en yn 2022 kinne fisken dan frij troch Waadsee, Iselmar en it achterlân swimme. It kostet yn totaal 55 miljoen euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)