Trekkers moatte fan sneon ôf oars ride

27 jun 2017 - 21:49

Trekkers en oar lanbouferkear op de N358 binne ferplichte om fan sneon ôf gebrûk te meitsjen fan de lânboupassearstripen tusken Bûtenpost en Stynsgea. Dy lizze der al, sadat it ferkear deroan wenne kin. Fan sneon ôf stean der buorden by en dy binne dan rjochtsjildich.

De plysje sil der strang op tafersjen dat trekkers de sydbaan opgean, sadat it gewoane ferkear trochride kin. De provinsje freget de minsken om oan te jaan, hoe't de maatregel yn de praktyk wurket. As dat goed foldocht, kinne yn Fryslân mear fan sokke passearbanen komme.

Trefwurden: 
trekkers N358 lânbouferkear
(Advertinsje)
(Advertinsje)