NDC Mediagroep nimt regio-kranten útjouwerij Boom oer

27 jun 2017 - 21:25

NDC Mediagroep, de útjouwer fan de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd nimt alle regionale nijstitels fan útjouwersbedriuw Boom oer. By it bedriuw út Meppel wurkje 130 minsken. Se meitsje fiif kranten en fyftjin hûs-oan-hûsblêden dy't yn parten fan Fryslân, Drinte, Oerisel en Flevolân besoarge wurde. Dêrnjonken krijt NDC ek wichtige ynternetadressen yn hannen lykas familieberichten.nl en Emmen.nu.

It is noch net dúdlik wat de personiele gefolgen binne fan de oername.

Trefwurden: 
NDC Mediagroep
(Advertinsje)
(Advertinsje)