Fûgelspotters nei Bitgummole foar seldsume rôze protter

27 jun 2017 - 21:23

Tsientallen fûgelspotters binne dizze dagen yn Bitgummole op syk nei de seldsume rôze protter. Dy is sinjaleard yn de tún fan de famylje Van Zuilen. Sûnt Van Zuilen in foto fan de fûgel op de site waarneming.nl setten hat, kamen oeral fûgelleafhawwers wei mei kamera's, ferrekikers en grutte lenzen. De rôze protter, de pastor roseus, is in saneamde dwaalgast, dy't gewoanwei yn Turkije of Grikelân briedt. It giet om in folwoeksen eksemplaar.

Doe't Cok van Zuilen in foto fan de fûgel op de site waarneming.nl setten hat, kamen fuortendaliks oeral fûgelleafhawwers wei mei kamera's, ferrekikers en grutte lenzen. Oft de rôze protter him noch sjen lit, is de fraach. De krintebeam fan de famylje Van Zuilen hat er al leech fretten, mar by de buorlju sitte der noch wol krinten oan de beam en dy meie rôze protters graach.

(Advertinsje)
(Advertinsje)