Ald-Dutchbatter Dijkema: "Deselde machteleasheid as doe"

27 jun 2017 - 21:12

Dit is deselde machteleasheid as dy't wy doe fielden. Dat seit âld-Dutchbatter Wim Dijkema, earder út Wolvegea, oer it oardiel fan de gerjochtshôf yn Den Haag oer de fal fan Srebrenica yn 1995. De Nederlânske steat is diels oanspraaklik foar de dea fan moslimmannen, sa oardiele de rjochter. By de massa-eksekúsje hawwe Servyske soldaten tûzenen manju en jonges om it libben brocht. De Fryske âld-Dutchbatter Dijkema moast de flechtlingen beskermje.

Utbraak út enklave

It fûnis bestiet út twa dielen.Neffens it iene diel soene de Dutchbatters ferantwurdlik west hawwe foar alle 8373 deaden. Dat hat de rjochter ôfwiisd. Tawizing koe Dijkema him net foarstelle, want it gros fan de lettere deaden is op de nacht fan 11 op 12 july de enklave útbrutsen om nei Tuzla te rinnen. Underweis dêrhinne binne se op grutte skaal finzen naam en letter eksekutearre. Dy hawwe net by ús west, seit Dijkema. Hoe't se dat op ús skouders lizze woene, begrypte ik al net en de rjochter is it dêrmei iens.

Tinne sop

Wat dy oare goed trijehûndert minsken oanbelanget (321 of 350) dy't by ús op de compound sieten, is it in oar ferhaal, seit Dijkema. Dat sy úteinlik oerdroegen binne oan de Serven hat in driuwende reden. De omstannichheden wiene striemin. Wy hawwe ien kear in hiel tinne sop meitsje kinnen fan al it iten wat wy noch hiene. Wy hiene ek noch fierste min wetter. Hast elkenien fan dy fiiftûzen minsken yn de hal, hat in komke sop hân. En dat wie it. Se hiene doe al in pear dagen sûnder iten en drinken sitten. En de rest soe dan de folgjende dagen sûnder iten of drinken sitten.

Gefaar foar sykten

Us dokters hiene Karremans al in pear kear warskôge foar it útbrekken fan besmetlike sykten. De omstannichheden yn de hal wiene ferskriklik, mei gjin pinne te beskriuwen. De fiiftûzen man yn de hal sieten ticht opinoar. Se lieten de ûntlesting rinne omdat se net nei de mobile toiletten doarden omdat se dan it gefaar rûnen yn it sjitfjild fan de Serven te rinnen.

Registraasje

De omstannichheden yn de hal wiene ferskriklik. Blykber hat majoar Franken dochs it gefoel hân dat der wissichheid komme moast dat dizze minsken, ek de manlju, neat oerkomt. Hy is mei in tal manlju de hal yn gien mei listen, Se hawwe 242 manlju frege om harren identiteit. Fan dy 242 hawwe 239 manlju harren identiteit ek echt bekend makke. Dy nammen binne fakst nei Den Haag, New York en oare plakken. As previnsje. Soks docht Amnesty International ek. As de identiteit bekend is, wurket dit meastal previntyf. Ek omdat wy derfan útgiene dat de hiele wrâld meiseach. Letter die bliken dat de hiele wrâld de oare kant opseach. Dêr hawwe wy nea rekking mei hâlden.

Grut ûnrjocht

Dijkema hopet dat der noch in berop tsjin de útspraak mooglik is. Miskien kin it Europeesk Hôf foar de rjochten fan de minsk dêr in rol yn spylje. Hy fielt it as in grut ûnrjocht dat harren oandien is. Deselde machteleasheid dy't wy doe fielden, fiele jo no wer. Yn feite kinne jo der neat oan dwaan, en dat fielt min.

Trefwurden: 
Dutchbat Wim Dijkema
(Advertinsje)
(Advertinsje)