Selstraffen easke foar himpkwekerij yn âld molkfabryk

27 jun 2017 - 19:38
Himp - Foto: Omrop Fryslân

Fjouwer manlju moatte mooglik seis oant njoggen moanne de sel yn foar belutsenheid by in grutte himpplantaazje yn Elslo. Dêrnjonken wol it Iepenbier Ministearje dat se tûzenen euro's werombetelje dy't se fertsjinne hawwe mei harren kriminele saken.

De manlju komme út Nijmegen, Bulgarije en Boyl. De plantaazje yn it eardere molkfabryk waard yn novimber 2015 oprôle. Se hiene dêr 10.853 plantsjes yn harren behear. De manlju út Bulgarije en de man út Nijmegen waarden yn in oare romte sliepend oantroffen. De man út Boyl wenne mei syn freondinne yn it fabryk, dêr't er auto's reparearre.

Neffens it Iepenbier Ministearje moat de Stellingwerver witten hawwe fan de drugssaken dy't spilen yn de fabryk. De rjochtbank docht op 11 july útspraak yn de saak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)