Ferfangende wynmûne mei gjin milimeter heger wêze

27 jun 2017 - 19:24
Foto: Janny Dijkstra

De gemeente Frjentsjerteradiel hâldt de poat stiif oer it wynmûnebelied. Dat die tiisdei bliken by de Ried fan Steat. De famylje Nammensma-Offinga besiket al in skoft om harren 21 jier âlde wynmûne te ferfangen. Dat mei en kin, mar de nije mûne mei gjin milimeter grutter wêze as dy fan no. En dat is it probleem. Der is gjin mûne presys 62 meter heech. Allinnich 67 is mooglik of in lytsere mûne fan 54 meter mei gigantyske wjukken. Nammensma sels neamt dat in 'gedrocht'.

"De gemeente dwingt ons om een gedrocht achter onze boerderij te zetten die van grote afstand te zien is. Terwijl de vijf meter hogere windmolen veel slanker en onopvallender is."

De gemeente Frjentsjerteradiel hâldt lykwols fol. "Dat we een vergunning moeten verlenen voor een lagere windmolen die er niet uitziet is iets waar we niets aan kunnen doen." It belied kin noch wol feroarje, as takom jier de fúzjegemeente Waadhoeke fan start giet. De Ried fan Steat docht rom foar jannewaris 2018 útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)