Wethâlder Nicolai: Ljouwert hat al ierdgasleaze wiken

Nijbouwenten moatte tenei net mear automatysk oansletten wurde op it ierdgasnet. Dat wol de Twadde Keamer. Minister Kamp fan Ekonomyske Saken is it dêr mei iens. Hy wol dat de gemeenten dêr in belangrike rol yn spylje, want sy witte it measte ôf fan de pleatslike omstannichheden.
Guon Ljouwerter wiken al ierdgasleas
Yn Ljouwert binne se al jierren dwaande mei it 'net oanlizzen fan ierdgas nei wenwiken', seit wethâlder Jan Atze Nicolai. Foarbylden dêrfan binne de wiken Techum en de Súdlannen. Dêr is alles elektrysk regele. Troch middel fan wetterpompen en goede isolaasje. By âlde wenten duorret it proses om de wenten ierdgasleas te meitsjen folle langer.
Lytsskalich begjinne
Nicolai is it net iens mei de krityk fan Miljeudefinsje dat de maatregel te healslachtich wêze soe omdat dêrmei de ferantwurdlikheid te folle by de gemeenten komt te lizzen. De stap nei ferduorsuming moat krekt by gemeenten begjinne, fynt er. Moatst lytsskalich begjinne. Minsken moatte it enerzjyferbrûk sels sjen kinne.
Sjoch de meter rinnen
De bewustwurding en de sichtberens fan enerzjystreamen is tige wichtich mei dizze maatregel, seit Nicolai fierder. Dat se sjogge dat de meter achterútrint troch it brûken fan sinnepanielen, mar dat er wer hurder rinnen giet, as de drûger oan giet.