Omrop TIP: De rêders fan de Harnzer Haven

De yndustryhaven fan Harns hat it swier. De wurkgelegenheid lûkt stadich oan mar de nije yndustryhaven is noch lang net útferkocht. Doe’t oankundige waard dat der in nije yndustryhaven oanlein wurde soe, waard der in soad belangstelling fan grutte bedriuwen ferwachte.
De útwreiding fan de haven waard op 10 maaie 2003 iepene. No fjirtjin jier letter briede der grutte koloanjes strânljippen yn dit gebiet. Yn Fryslân DOK komme de belutsenen fan de haven oan it wurd. Wat is der mis gien? En hat de haven noch in takomst?
Yn de dokumintêre stiet de wrakseling fan de haven om der in sukses fan te meitsjen sintraal. Yn in tiid dy’t net altyd like maklik is; krisis, konkurrinsje fan oare havens en de útbliuwende steun fan de provinsje Fryslân.
De Fryslân DOK ‘De rêder fan de Harnzer Haven’ is op snein om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. De dokumintêre is ek te sjen op NPO2 op sneon om 15.30 oere en snein om 13.10 oere.