Fisker krijt boete foar libjend ferfieren fan snoekbearzen

© Omrop Fryslân
In sportfisker út de gemeente De Fryske Marren hat in boete krigen foar it libjend ferfieren fan snoekbears. It is ferbean om noch libjende fisk sa mei te nimmen, om foar te kommen dat de bisten te bot lije. De man hie tiisdeitemoarn twa snoekbearzen fongen en meinaam sûnder se fuortendaliks dea te meitsjen. Doe't er syn boat op in trailer sette, waard er kontrolearre en waarden de libjende fisken fûn.
De man sei dat er net wist dat er de snoekbearzen fuort deimeitsje moatten hie. Hy krige in bekeuring fan 130 euro.