Harns wol yn 2018 NK damjen en WK Frysk damjen

27 jun 2017 - 16:07

By havenstêd Harns tinke jo der miskien net fuortendaliks oan, mar Harns moat yn 2018 de haadstêd fan it damjen wurde. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol dat de stêd takom jier it NK damjen organisearret. De stêd hat boppedat ambysjes om ien fan de kwalifikaasjetoernoaien foar it wrâldkampioenskip Frysk damjen yn Harns te hâlden. Beide toernoaien moatte op itselde momint syn beslach krije. As lokaasje wurdt tocht oan it stedhûs.

Yn july moat dúdlik wurde oft Harns ek yndied de toernoaien tawiisd kriget. Ljouwert hat yn 2018 it wrâldkampioenskip Frysk damjen al binnenhelle. 

Trefwurden: 
NK damjen
(advertinsje)
(advertinsje)