Wurkstraf en fikse skeabetellings foar Burgumer drankrider

27 jun 2017 - 16:06
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In man út Burgum hat in wurkstraf fan sechstich oeren krigen omdat er mei drank op riden hat. Hy mei ek fiif moannen net autoride. De man wie ferline jier efter it stjoer stapt mei mear as fiif kear tefolle drank op. Hy ried tsjin in parkearre auto oan en dêrnei by ien de tún yn. Omdat er safolle dronken hie, moat er ûndersykje litte oft er noch wol geskikt is om auto te riden.

Dat moat er sels betelje, krekt as de skea oan syn eigen en de parkearre auto. De rjochter hold der by it útdielen fan de straf al rekken mei dat de man al flink wat jild kwyt wie, mar fûn de saak wol te slim foar allinne mar in boete.

Trefwurden: 
Burgum plysje jild boete drank
(Advertinsje)
(Advertinsje)