Snits klimt yn top 100 fitale binnenstêden foar toerisme

27 jun 2017 - 15:24
De Wetterpoarte yn Snits, dêr't 'At the Watergate' nei neamd is

Snits is flink omheechgien yn de top 100 fan fitale binnenstêden yn Nederlân. Twa jier ferlyn stie de stêd op it 71e plak, no op nûmer 37. Snits docht it goed by toeristen: der is genôch te rêden en de histoaryske wearde fan de stêd is grut. Der stean ek folle minder winkels leech as yn oare stêden, en Snits skoart goed as it giet om feilichheid.

De ûndernimmers yn de binnenstêd fan Snits binne bliid mei de útkomsten fan it ûndersyk nei fitale binnenstêden. It jout oan dat Snits op de goede wei is om it stedssintrum oantreklik te hâlden, sizze se.

Trefwurden: 
Snits fitale binnenstêd
(Advertinsje)
(Advertinsje)