Syryske famylje út Harns is werom nei eigen lân

27 jun 2017 - 15:24

De Syryske flechtling Mohamed Haj Ali is werom nei syn eigen lân. Mei syn famylje is er ferline wike fia Grikelân en Turkije op reis gien. Mohamed is yn Fryslân it gesicht fan de Syryske flechtlingen wurden troch de ferskate reportaazjes oer de situaasje fan it gesin. Hast twa jier lyn kamen Mohamed, Fatema en harren trije bern yn de krisisopfang yn Harns. Dêrnei binne se fia ferskate plakken úteinlik te wenjen kaam yn de stêd. Mohamed hat fan it begjin ôf sein dat er, as it wer feilich is yn syn regio, werom gean soe. Hoewol't der noch oarloch is yn Syrië, hat er no dochs besletten werom te gean nei syn bertedoarp. Hy wie te ûnwennich, en neffens him is it yn de regio Idlib dêr't er wennet no in stik feiliger.

Nei Fryslân

Yn septimber 2015 kaam Mohamed yn de earste krisisopfang fan Fryslân oan mei syn famylje. Hy wie oer see fan Turkije nei Grikelân gien en troch ferskate lannen yn Europa úteinlik yn Nederlân telâne kaam. Fia Rotterdam kaam de famylje yn Harns. It wie yn de grutte flechtlingestream dy't yn 2015 op gong kaam, doe't de oarloch yn Syrië hieltyd heftiger waard.

Fan Harns út gie de famylje nei Kollum en doe nei Ljouwert, Oranje en Ter Apel. It duorre lang foardat se in status krigen. Dat hie te krijen mei it feit dat se harren earste stimpel yn Hongarije krigen hienen. Flechtlingen moasten eins werom nei it earste lân fan oankomst yn Europa. Hongarije lit lykwols gjin flechtlingen ta. Nei in jier wachtsjen krigen se tastimming yn Nederlân te bliuwen.

Te plak yn Harns

Mohamed en Fatema hawwe harren langste tiid yn Oranje wenne, mar doe't se in status krigen yn jannewaris 2017, keazen se foar Harns. Dat wie it plak dêr't se yn de krisisopfang sitten hienen. Oan de ûnwisse perioade kaam nei oardel jier in ein. Yn dy oardel jier hie Mohamed faak lêst fan depresjes. Hy wie ûnwennich. Ferskate kearen hat er dat sein en ek de winsk útsprutsen sa gau as it wer koe, werom te gean nei syn heitelân.

Ek Fatema hie bot lêst fan ûnwennigens. Se mist har famylje en lân. Mohamed woe graach oan it wurk en begjinne mei ynboargerjen. Hy en ek Fatema besochten safolle mooglik harren plak te finen yn de Fryske en Harnzer mienskip. Dat is net sa maklik as jo de taal noch net goed behearskje. Ut harrensels wienen se al begûn Nederlânsk te learen, mar de ynboargeringskursussen kamen pas yn juny. De bern sprekke yntusken al hiel goed Nederlânsk en sieten op CBS Het Baken yn de stêd.

Dûbeld gefoel

Oan de iene kant wie dat hiel moai, mar foar heit en mem wie it ek in probleem. De bern ferjitte it Arabysk en reitsje hieltyd mear ferbûn mei Nederlân. Mohamed en Fatema seagen dat mei dûbelde gefoelens oan. Derfan útgeande dat se werom soene nei Syrië, seagen se yn, dat it foar de bern hieltyd dreger wurde soe werom te gean. "Nei twa of trije jier kin ik it myn bern net mear oandwaan", wienen de wurden fan Mohamed. De famylje bleau mei ien foet yn Syrië en siet mei de oare hjir. In spagaat ûntstie. De gedachte werom te gean, kaam hieltyd faker boppe.

De lêste moannen spruts Mohamed faker oer minsken dy't feilich werom gienen nei Syrië. De famylje komt út in doarpke yn de regio Idlib. Dêr binne de rebellen oan de macht. Foar dizze regio is begjin juny in 'staakt het vuren' ôfpraat. It is oanmurken as in soarte fan 'save zone'. Oant maaie waard der noch bot bombardearre yn it gebiet, mar dêrnei is it rêstiger wurden. Hoe langer oft it rêstich bleau, hoe mear de famylje ûnwennich waard en werom woe.

Gjin help

Syrië wurdt yn Nederlân as in ûnfeilich lân sjoen. Dat betsjut dat flechtlingen dy't werom wolle, dat net fia in proseduere dwaan kinne. De Nederlânske oerheid kin harren net helpe mei it weromkearen. Foar de famylje Haj Ali betsjutte dat dat se it sels dwaan moasten. Al earder wienen se hast safier en soenen se tickets keapje. Doe hawwe se it noch efkes útsteld, omdat der dochs wer twivel wie. Mar úteinlik wie ferline wike it momint dêr dat se it beslút naam hawwe.

Fan tongersdei op freed hawwe se it hûs yn Harns efterlitten. Yn Grikelân binne se de grins oerstutsen nei Turkije. Mei it iepenbier ferfier en de help fan minsken dy't se dêr kenne, binne se op wei nei hûs. Nei Syrië. It lân dat foar harren sa wichtich is, nettsjinsteande dat der noch hieltyd oarloch yn harren thús is. De famylje ferwachtet noch dizze wike werom te wêzen yn harren doarp.

Reaksjes op skoalle

Op de skoalle fan de trije bern binne de juffen en de bern skrokken fan it nijs. Der binne trije lege taffeltsjes. De bern snappe it hiel goed, sizze se. Want elkenien wol graach by syn heit en mem en syn pake en beppe wêze. Se fine it spitich dat se net ôfskied nimme kinnd hawwe, mar witte ek dat it miskien wol sa moat as jo flechtling binne.

Foar de juffen wie it ek wol dreech om it nijs te hearren. It bart wol faker dat bern fan flechtlingen ôfskied nimme omdat se ferhúzje. Dizze ferhuzing is lykwols wol hiel abrupt, en nei in fier lân. Se winskje de famylje in hiel soad sukses en benammen frede ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)