Wolvegeaster yn Boxmeer oanhâlden nei wylde achterfolging

27 jun 2017 - 15:02
(stockfoto) - Foto: ANP XTRA

De plysje fan Boxmeer hat moandeitejûn nei in wylde achterfolging in man út Wolvegea oanhâlden.Hy wie útnaaid doe't de plysje him derop oansprekke woe dat er siet te beljen ûnder it riden. By in tankstasjon woene se him oan de kant sette, mar de man naaide gau hurd út. Underweis ramde er in plysjeauto, rekke yn 'e slip en kaam doe yn de berm telâne.

De man fersette him by syn oanhâlding. Uteinlik is er meinaam nei it plysjeburo yn Nijmegen. Hy hie gjin jildich rydbewiis. De man wurdt ûnder oare fertocht fan besykjen ta deaslach..

Trefwurden: 
Wolvegea
(Advertinsje)
(Advertinsje)