ChristenUnie wol Hyperloop-trein nei Noard-Nederlân helje

27 jun 2017 - 14:21
Foto: ANP

De steatefraksje fan de ChristenUnie wol dat Noard-Nederlân de testregio wurdt foar de saneamde Hyperloop-trein. Dizze rappe trein ferpleatst himsels yn in buis en soarget derfoar dat minsken en fracht hurd ferfierd wurde kinne. De Hyperloop is in idee fan Elon Musk, de betinker fan it automerk Tesla.

It bedriuw Hyperloop One wol yn Europa in Hyperloop-ferbining meitsje. De ChristenUnie soe graach sjen dat de testlokaasje foar dizze Hyperloop fia It Hearrenfean en Drachten nei Grins ta rint. Op dit trajekt kinne dan ûnder oare de snelheid en de wiksels testen wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)