Ferlies foar fersekerder De Friesland: 54 miljoen euro

27 jun 2017 - 14:06

Fersekerder De Friesland hat yn 2016 in ferlies boekt fan hast 54 miljoen euro. It ferlies komt hast hielendal út it basissoarchpakket fan de FBTO. Dat levere sawat 53 miljoen ferlies op. Wichtichste oarsaken wienen hegere claims as ferwachte en in ferkearde tadieling fan de skeaskattingen. Hjirtroch sakke de solvabiliteit, de ferhâlding eigen fermogen en frjemd fermogen, ûnder it wetlik minimum. FBTO hat hjir in liening foar ôfsletten.

De Friesland hopet troch kostebeheining, bettere gearwurking en in mear effisjinte oanpak de kosten nei ûnderen te krijen en sa foar te kommen dat de preemje yn 2018 bot omheech moat. Dit jier wurdt rekken hâlden mei in ferlies fan sa'n 90 miljoen. Dat wurdt út de reserves oanfolle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)