Boyl krijt jild foar realisaasje multyfunksjoneel terrein

27 jun 2017 - 12:47
Boyl

Boyl krijt 20.000 euro fan de gemeente Weststellingwerf foar de realisaasje fan it Brinkplein. Mei dat jild kin it fertutearze terrein neist doarpshûs De Tille transformearre wurde yn in multyfunksjoneel terrein. Doarpsbelang Boyl wol it yn gearwurking mei de NH-tsjerke en it doarpshûs yngripend oanpakke.

Der moat in parkearterrein komme en it moat in moetingsplak foar de doarpsbewenners wurde. De hiele transformaasje sil yn totaal 130.000 euro kostje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)