Van den Boomen ferlit Hearrenfean foar FC Eindhoven

27 jun 2017 - 12:38
Branco van den Boomen - Foto: AWfoto.nl

Fuotballer Branco van den Boomen ferlit SC Hearrenfean. De middenfjilder giet per direkt werom nei syn âlde klup FC Eindhoven. Yn de simmer fan 2015 kaam Van den Boomen oer fan Eindhoven nei It Hearrenfean.

Hy kaam yn dat seizoen 23 kear yn aksje en makke ien doelpunt foar de Fryske klup. It ôfrûne seizoen waard er ferhierd oan Willem II.

(Advertinsje)
(Advertinsje)