In nije fyts foar baanhurdfytsers, ôfstimd op de fytser

27 jun 2017 - 11:53
Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Fytsleveransier KOGA op It Hearrenfean wurket oan in kompleet nije fyts foar it baanhurdfytsen. Dit docht it bedriuw yn gearwurking mei de Koninklijke Nederlandsche Wielrenunie en de TU Delft. De fyts wurdt ôfstimd op de yndividuele eigenskippen fan de fytser en it ûnderdiel dêr't de fytser op út komt.

Foar de hiele seleksje baanhurdfytsers dy't nei de Olympyske Spelen yn Tokio giet, wurdt in nije fyts ûntwikkele. KOGA ferwachtet dat de fyts begjin 2019 klear wêze sil.

Trefwurden: 
It Hearrenfean fyts Koga
(advertinsje)
(advertinsje)