Foarearst gjin reaharten yn it Drents-Friese Wold

Der komme foarearst gjin reaharten yn it Drents-Friese Wold. Hoewol't de harten goed passe soene yn it lânskip, binne de gefolgen op maatskiplik en ekonomysk terrein sa grut, dat der binnen de stjoergroep fan it regionale lânskip gjin draachflak foar wie. It bestjoer hat dêrom de konklúzje lutsen dat de tiid foar in yntroduksje fan de harten noch net ryp is. Dochs slút it bestjoer net út dat de diskusje yn de takomst opnij fierd wurde sil.
''Er liggen hier veel kansen voor natuur, landschap en mens, die op dit schaalniveau ongekend zijn in Nederland. Wie weet komen daar ooit ook nog eens herten bij'', seit foarsitter Henk van Hooft fan de stjoergroep.
Skea foar de lânbou
Ut earder ûndersyk die bliken dat der romte is foar in keppel fan 150 reaharten yn it Drents-Friese Wold. De harten soene in grutte mearwearde foar it gebiet hawwe, mar soene ek soargje kinne foar skea oan de lânbou.