Fryske sikehuzen wolle boarstkankersintrum opsette

De Fryske sikehuzen wolle mear gearwurkje op it mêd fan de behanneling fan boarstkanker. Der moat in Frysk boarstkankersintrum komme mei lokaasjes yn Ljouwert, It Hearrenfean, Drachten en Snits. Pasjinten kinne by dy fjouwer lokaasjes dan binnen 24 oeren terjochte foar in earste diagnoaze. Fierder ûndersyk en in eventuele operaasje wurde yn Ljouwert dien. De sikehuzen sille oeral deselde wurkwize hantearje.
Dat binne de útkomsten fan in ûndersyk dat troch in spesjale projektgroep dien is. De útkomsten binne presintearre oan de direksjes fan de sikehuzen en soarchfersekerder De Friesland. As dy lêste akkoart giet, dan kin it sintrum yn 2018 iepen.