Utstel útspraak Sintrale As

Website decentraleas.nl © decentraleas.nl
De útspraak oer de Sintrale As is útsteld. De Rie fan Steat soe eins dizze wike útspraak dwaan, mar hat mear tiid nedich om ta in goed oardiel te kommen. Yn de sitting fan 15 septimber koene foar- en tsjinstanners fan de dyk har stânpunten fertelle. It gie om saken as lûdsnoarmen, natuer en ferkearfeiligens. De útspraak is no oer seis wiken. It Fryske Gea hat al oankundige net mear yn berop te gean en him by de útspraak del te lizzen.