Fjoertoer De Lemmer yn 'e steigers foar opknapbeurt

De fjoertoer fan De Lemmer krijt op it stuit in opknapbeurt. Bysûnder is dat de toer net in ticht bouwurk is, sa as de measte fjoertuorren, mar in iepen stielkonstrukje hat. Moandei is úteinset mei it skjirjen fan de 20 meter hege toer. De âlde lagen ferve moatte derôf, foardat der in nije laach op kin. Dêrnei wurdt de toer werombrocht yn de orizjinele kleuren: giel mei swart. De wurksumheden sille sa'n trije wiken duorje.
De fjoertoer dy't der no stiet is in replika. De orizjinele toer ferlear yn 1940 syn funksje en waard yn 1968 ôfbrutsen, omdat it ûnderhâld te djoer waard. De replika waard yn 1994 boud foar in film fan regisseur Pieter Verhoeff en ferhuze nei de opnamen fan Starum nei De Lemmer. De toer is tsjintwurdich in toeristyske attraksje op De Lemmer. Minsken kinne der ek yn en nei boppe klimme, om fan it útsicht te genietsjen.