Hurdfytser ferstjert nei botsing tsjin sjueryauto yn Snits

27 jun 2017 - 08:34

By in iensidich ûngelok yn Snits is moandeitejûn in 39-jierrige hurdfytser út Boalsert omkaam. De man wie mei syn feriening op in ôfsletten terrein fan WV Snits oan it trainen, doe't hy fan de baan rekke en mei hege snelheid tsjin de sjueryauto botste. Helptsjinsten ha noch besocht om it slachtoffer te reanimearjen, mar dat is net slagge. De oare leden fan de feriening ha slachtofferhelp oanbean krigen.

Fanwege it slimme ûngelok, komme alle aktiviteiten van WV Snits de kommende tiid te ferfallen, sa is te lêzen op de webside fan de feriening.

(Advertinsje)
(Advertinsje)