Kollum: "Bieryoga en tichte chakra's"

"Shimmer Truth Dancer winsket jim in goeiemoarn. Ja, bêste minsken, dat bin ik. Glânzjende Wierheidsdûnser is myn yogi-namme. Sûnder dat ik it wist blyk ik nammentlik al hiel lang oan yoga te dwaan. Dêr kaam ik achter troch in berjocht oer ferskillende foarmen fan yoga, nei oanlieding fan World Yoga Day.
Boppe-oan yn dat rychje stiene Heavy metal-yoga en Bieryoga. Doe’t ik dat lies wie it as foelen my de skilen fan de eagen. Sûnt myn tienerjierren folgje ik al it Paad fan Ferljochting. Metal en bier leare my om lichem en geast, en geast en bewustwêzen mei-elkoar yn balâns te bringen. It jout my krêft en enerzjy en soarget foar in noflik gefoel fan ûntspanning. Sizze yogaleararen.
Se ha gelyk. It ferklearret ek in hiele protte. It sykjen nei balâns nei in jûne Bieryoga, bygelyks. Slingerjendewize op ’e fyts nei hûs, soms by treppen del sûnder dat soks de bedoeling wie, de bocht omgean dêr’t gjin bocht wie, en manmoedich rjochttroch fytse dêr’t wol in bocht yn de dyk siet. It ferklearret ek de nuvere hâldings dy’t ik bytiden oannim. Ik neam de Kop-yn-de-wc-pôt-mei-kromme-rêch-posysje, de Heal-by-it-bêd-delhingjen-posysje (foaral moarns betiid), de mei Sloppe knibbels-oan-de-dûsstange-fêstklampe-posysje. Om it mar net te hawwen oer de Pisje-en-oer-de-foet-stappe-posysje, meastal út te fieren op in festivalterrein.
Gek genôch sitte nei Bieryoga-jûntsjes myn mage- en hollechakra’s stiif ticht. Om dêr wat oan te dwaan folgje ik no ek reguliere yogalessen. Mar wat hjit regulier? Mei al myn ûnderfining yn de Metal- en Bieryoga falt it net ta om op in matsje te knibbeljen, de holle leech te meitsjen en bygelyks de Kikkert-hâlding oan te nimmen. Dat is in hurksit mei de knibbels nei bûten ta en mei de fingers op de flier. Ynazemje en de billen optille, mei gefaar foar knetterjend ôfblazen. Dat is dan oars noch mar in makje yn fergelyk mei It gesicht fan de Ko, hoewol’t ik nei alle gedachten wol sa sjoen ha doe’t wy dy hâlding oannimme moasten.
Der wurde yn yoga in protte hâldings mei bistenammen brûkt. Logysk, omdat yoga al sa’n 5000 jier âld is en bisten as foarbyld brûkt waarden. Ut dy reden hat men dus de Do en de Krokodil, mar ek wat eigenaardiger farianten lykas de Fisk sûnder swimdiploma, de Dromedaris mei de Lekke Bult, de Wiete Poes, de Rôze Oaljefant, de Spin mei twa Houten Poaten en de Herdershûn mei it Keunstgebit. De moaiste oefening sûnder bistenamme fûn ik oars de Heale wip mei de hannen op de rêch.
Hawar, ik moat sizze dat myn chakra’s fan al dy oefeningen moai iepen stean gien binne. De ferskillende hernia’s dy’t ik dêr oan oerhâlden ha wiene dan wer minder. Nei in lytse evaluaasje ha ik dêrom besletten om it Paad fan Ferljochting op de âlde wize fuort te setten. Mei Metal- en Bieryoga. Mar myn yogi-namme hâld ik al. Dy fyn ik te bysûnder."